Nij jeugdhonk soarget foar minder oerlêst yn Haulerwyk

08 des 2015 - 07:54

De jeugd yn Haulerwyk soarget de lêste tiid foar folle minder oerlêst as earder. Dat seit Anne Hof fan pleatslik belang Haulerwyk. Earder wie der gauris sprake fan fernielingen, gebonk op 'e ruten, of aaien dy't tsjin huzen smiten waarden, mar sûnt de jongerein begjin dit jier in eigen plakje krigen hat, is dat sa goed as oer."We binne in normaal doarp no," seit Hof, "en earder wie dat net sa." De kaai fan de nije oanpak is dat it doarp no yn petear giet mei de jongerein.

By de tennisferiening hawwe se noch wol wat lêst fan de jongerein. It nije jeugdhonk leit flakby de tennisfjilden. En as de jongerein de fjoerkoer oandogge, wol der noch wolris wat reek oer de tennisfjilden waaie. Doarpsbelang sil noch mei beide partijen om tafel om ek dit probleem op te lossen.

Trefwurden: 
Haulerwyk jeugd oerlêst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)