SWF siket nije bestimming leechsteande, markante gebouwen

07 des 2015 - 21:52
  • It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân yn Snits

De gemeente Súdwest-Fryslân set in spesjaal team yn om leechsteande gebouwen in nije ynfolling te jaan. It team sil dêr eigeners, omwenners en mooglike keapers foar benaderje.

De gemeente hat it ôfrûne jier op in rychje set hokker gebouwen yn 'e beneaming komme. Faak binne it karakteristike en histoaryske gebouwen, lykas skoallen en tsjerken. It is lestich om dêr in nije bestimming foar te finen, omdat de gebouwen harren funksje ferlern hawwe, of ferâldere binne. It nije team moat op 1 jannewaris begjinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)