Sportfrijwilliger opjaan foar 'Assistint fan it talint'

07 des 2015 - 21:09
  • Assistint fan it talint

Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante hawwe in priis foar de bêste sportfrijwilliger yn it libben roppen. Dy wurdt útrikt op it Sportgala Fryslân op 17 febrewaris takom jier. De priis hjit de 'Assistint fan it talint'. De kampanje foar de nije priis gie tiisdei fan start yn it televyzjeprogramma Bynt fan Omrop Fryslân. Sporttalint Wout Zijlstra jr. nominearre doe de earste assistint.

Sport Fryslân organisearret alle jierren it Sportgala Fryslân. Der binne prizen yn ferskate kategoryen, wêrûnder Sportman en Sportfrou fan it jier.

De assistinten kinne oant en mei 31 jannewaris opjûn wurde op www.sportgalafryslan.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)