"Provinsje hat te min kennis ôfhanneling VBK-fallisemint"

07 des 2015 - 19:37

As it derop oankomt, hat de provinsje te min juridyske kennis yn hûs om in fallisemint fan in oannimmer sels ôf te hanneljen. Ekstern ynhieren fan dy kennis is dan needsaaklik. Dat hat de provinsje neffens projektmanager Jeen Bruinsma leard fan it fallisemint fan oannimmer VBK út Hoorn, dy't it fiadukt oer de Sintrale As yn de dyk tusken Feanwâlden en Quatrebras bouwe soe.

De fertraging en de finansjele skea fan it fallisemint falle ta. VBK hie allinnich de beide opritten en in diel fan de bekisting fan de middenpylder boud.

De rest fan it wurk - sa'n 70 persint - moat noch dien wurde. Dêr is in nije oannimmer foar fûn: K. Dekker út Warmenhuizen. Dy melde himsels by de provinsje. Dekker hat ek inkelde meiwurkers fan it fallite bedriuw oernommen. Inkelde lokale ûndernimmers wurde ek ynskeakele om it wurk ôf te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)