Gemeenten meitsje regels foar bystân minder strang

07 des 2015 - 18:34

Hieltyd mear gemeenten eksperimintearje mei it ferromjen fan de regels foar de bystân. De gemeente Ljouwert docht dat ek. Dêr is it foar minsken makliker wurden tydlik wurk oan te nimmen. As se nei dy perioade wer in útkearing nedich hawwe, hoege se net mear alle prosedueres troch te rinnen.

Neffens wethâlder Andries Ekhart moat it allegearre folle simpeler. Minsken mei in útkearing hawwe dan yn de takomst mear kâns op wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)