Measte frijwilligers fan Nederlân wenje yn súdlik Fryslân

07 des 2015 - 18:04

Yn Súd-Fryslân wenje de measte frijwilligers fan ús lân. Dat docht bliken út ûndersyk fan it CBS. Neffens it ûndersyk dogge hast seis op de tsien ynwenners yn dy regio frijwilligerswurk. Yn trochsneed wurkje sy fjouwer oeren yn de wike. De measten dogge dat foar in sportferiening. In lyts tal frijwilligers kiest foar in putsje by in politike partij.

Ien fan de servicepunten foar frijwilligers yn Súd-Fryslân sit op It Hearrenfean. Dêr fernimme se sûnt 2011 in bêste groei fan it tal frijwilligers yn 'e regio.

Yn it jier melde likernôch twahûndert frijwilligers harren oan by it servicepunt. Dy minsken kieze benammen foar putsjes by de tsjerke, yn de soarch of yn de ferfiersektor.

Yn Súd-Limboarch leit it tal frijwilligers it leechst fan ús lân. Dêr helpe mar fjouwer op de tsien minsken de mienskip mei frijwilligerswurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)