Fryske kultuer en natuer kriget jild fan Prins Bernhardfûns

07 des 2015 - 17:53

It Prins Bernard Cultuurfonds hat 139.750 euro takend oan Fryske kultuer- en natuerprojekten. It jild wurdt ferdield oer 34 ynstellings.

Sa kriget de Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân 57.500 foar it ferfolch fan it projekt Korpsen yn de klasse. Bern út groep 5 en 6 leare op skoalle in muzykynstrumint te bespyljen. Dat moat in brêge slaan nei de muzyklessen bûten de skoallen. De Slachtemaraton krijt in bydrage fan 10.000 euro foar kulturele aktiviteiten mei de kommende edysje.

De Feriening fan Terpeûndersyk krijt 2500 euro foar de eksposysje 'Suksesfol wenje op in waad'. Dy eksposysje wurdt hâlden yn it ramt fan it 100-jierrich bestean fan de feriening. Hy is te sjen yn it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)