Follybalfroulju VC Snits ferkenne Moskou

07 des 2015 - 17:15
  • VC Snits yn Moskou

De froulju fan VC Sneek hawwe de dei foar de Europeeske wedstriid tsjin Zacherie Odintsovo brûkt om Moskou te besjen. De follybalsters binne snein yn Ruslân oankaam. Odintsovo leit flakby Moskou. VC Sneek spilet dêr tiisdeitemiddei om fiif oere Nederlânske tiid it duel tsjin Zacherie Odintsovo yn de Challenge Cup, it tredde Europeeske nivo. De return sil woansdei 16 desimber yn Snits wêze.

De wedstriden tsjin Zacherie Odintsovo binne in ferfolch op twa duels mei it Belgyske Gent yn de CEV Cup, it twadde nivo yn Europa.

Gent skeakele VC Snits út, sadat de Fryske follybalsters no útkomme tsjin Zacherie Odintsovo yn de Challenge Cup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)