Twatûzen ton tekstyl út Leger des Heils-konteners wer brûkt

07 des 2015 - 15:43
  • ReSharekontener
  • Tekstylkontener Leger des Heils yn

Yn oardel jier tiid is yn Fryslân twatûzen ton oan tekstyl ynsammele dat opnij brûkt wurde kin. Dêrmei koene 265.000 minsken fan klean foarsjoen wurde. Yn in soad gemeenten stean grutte griene tekstylbakken fan it Leger des Heils. Offalferwurker Omrin leget se geregeld. Dêrnei wurdt it guod sortearre, ûnder oare troch personiel fan sosjale wurkfoarsjenningsbedriuwen Empatec en Caparis.

It guod kin wer brûkt wurde, of der wurdt nij tekstyl fan makke. It oanbod fan âld stoffen guod is mei in tredde omheechgien mei de nije konteners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)