Bagger út grêften Starum wurdt archeologysk ûndersocht

07 des 2015 - 14:12
  • De baggerwurksumheden yn Starum binne úteinset

Yn Starum wurdt moandei in begjin makke mei it útbaggerjen fan it wetter yn de stêd. It wurk is ûnderdiel fan in folle grutter projekt, wêrby't yn trije jier tiid 68 kilometer oan farwegen baggere wurde.

Der wurdt de kommende tiid 30.000 kúb fersmoarge bagger út de grêften helle. De bagger dy't yn Starum út de grêft helle wurdt, wurdt archeologysk ûndersocht. It is sa lang lyn dat it gebiet foar it lêst útbaggere is, dat de bagger no histoarysk nijsgjirrich wurden is.

50 jier lyn waarden de grêften fan Starum foar it lêst útbaggere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)