NL-Alert stjoert testberjocht

07 des 2015 - 12:47

Om 12.00 oere hat, as it goed is, je mobile tillefoan in soad lûd makke. It twa-jierlikse testberjocht fan NL-alert is nammentlik krekt wer west. It testberjocht fan NL-Alert is bedoeld as kontrôle oft je tillefoan wol goed ynsteld stiet by in mooglike kalamiteit.

It NL-Alert is in soart sms'ke, mar dan oars. It wurket op basis fan de 'cell broadcast', sadat it ek stjoerd wurde kin as it netwurk oerbelêste is.

Sûnt 2012 wurdt dit systeem brûkt as warskôgingssysteem by grutte kalamiteiten. As der in grutte brân mei in soad reek of gefaarlike stoffen is, kinne minsken in NL-Alert op harren tillefoan krije. Yn dy berjochten wurdt ek sein wat je dan dwaan moatte, sa as bygelyks it ticht hâlden fan doarren en ruten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)