Ynsammelaskje foar de itensbank set útein

07 des 2015 - 10:15

De aksje 'Samen voor de Voedselbank' set útein. Ek dit jier komt Omrop Fryslân wer yn aksje foar de itensbanken yn de provinsje. Oant en mei 18 desimber besiket de Omrop mei help fan alle harkers, sjoggers en besikers safolle mooglik itensguod yn te sammeljen foar de Fryske itensbanken. 'Samen voor de Voedselbank' is in inisjatyf fan tolve regionale omroppen yn Nederlân.

De earste doaze is al binnen

Gerard Sijtsma fan Ljouwert wie de earste dy't moandei mei in doaze fol produkten foar de doar stie. "Wy soene minsken op besite ha, mar dy seinen ôf. En doe hiene wy aardich wat guod oer. Dat koe moai nei de Voedselbank, tochten myn frou en ik. As minsken mei-inoar diele, wurdt de wrâld hiel oars."

Help mei

Dat kin op ferskate manieren:

  • Gean nei ien fan de dielnimmende supermerken, keapje ien of meardere produkten fan ús boadskiplistje en leverje it dêr yn.
  • Betink in aksje, meld it oan by de redaksje, sammelje safolle mooglik produkten yn fan it boadskiplistje en bring alles sels by de omrop del. Dat kin alle dagen tusken 9:00 - 18.00 oere.
  • Dûk thús de kast yn of gean nei de supermerk, sykje nei produkten fan it boadskiplistje en bring it sels by de omrop del. Dat kin alle dagen tusken 9:00 - 18.00 oere.

Lês alles oer de itensbankaksje op de programmaside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)