LDODK pakt swierbefochten oerwinning by Blau Wyt Amsterdam

06 des 2015 - 17:12
  • Blau Wyt-LDODK

De kuorballers fan LDODK wûnen snein de twadde wedstriid yn de kuorbal league mei 28-26 fan Blau Wyt Amsterdam. Yn de earste helte gong de striid lykop, wat resultearre yn in 14-14 rêststân. Benammen de lêste minút foar it skoft wie it in doelpuntefeest, mei mar leafst 5 treffers yn ien minút. Yn de twadde helte wist de ploech fan Erik Wolsink yn de lêste fiif minuten fan de wedstriid it ferskil te meitsjen. Erwin (12) en André Zwart (8) skoarden 20 kear foar LDODK.

Winst wie der ek foar haadklasser SCO, dat yn Grins mei 24-23 wûn fan NIC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)