Snits Wyt Swart ferliest mei romme sifers by UNA

06 des 2015 - 16:34

Snits Wyt Swart gong snein mei mar leafst 6-0 ûnderút by UNA. Yn it Brabânske Veldhoven seach de ploech fan trainer Berry Zandink nei 20 minuten spyljen al tsjin in 3-0 efterstân oan. Yn de twadde helte wreiden de Brabanners de foarsprong fierder út en stie der úteinlik in rom ferlies op it boerd foar de Snitsers.

It is it njoggende ferlies foar de Snitsers, dy't dêrmei op 11 punten út 14 wedstriden stean bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)