Meubelmakkerij yn pleats by Nij Beets ôfbaarnd

06 des 2015 - 16:55

Yn Nij Beets is in pleats oan de Prikkewei mei dêryn in meubelmakkerij sneintemiddei troffen troch brân. De brân ûntstie om tsien foar fjouweren. De reek wie fan fierren te sjen. De brânwacht fan Beetstersweach en in heechwurker út Drachten waarden ynset by de bestriding. Gjinien is ferwûne rekke by de brân.

Tsjin fiven wie de brân ûnder kontrôle. ​It wenhûs liket besparre bleaun te wêzen. De skuorre dêr't de meubelmakkerij yn sit, moat as ferlern beskôge wurde.

Trefwurden: 
brân Nij Beets
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)