FVC wint Fryske derby fan De Jouwer

06 des 2015 - 16:05

De Fryske derby tusken FVC en De Jouwer is snein in 4-2 oerwinning wurden foar de Ljouwerters. Op sportpark Wiarda kaam De Jouwer nei in kertier spyljen op foarsprong doe't Jacob Lubbers foar de 0-1 tekene. René Hoen sette binnen it healoere de lykmakker op it boerd. Ruurd Algra tekene foar it skoft foar de 2-1.

Nei rêst ferrommen Rick van Loon en Omar Wijnja de foarsprong fan de Ljouwerters nei 4-1 en wie de wedstriid spile. Jacob Lubbers tekene yn de slotminút mei syn twadde Jouster treffer foar de einstân.

Koprinner Hearrenfean ferlear de útwedstriid by Hoogeveen mei 3-2 en ferspile dêrmei de kopposysje, dy't no ynnaam wurdt troch WVV. Burgum die goede saken mei in lytse 1-0 oerwinning op de nûmer lêst Germanicus.

Trefwurden: 
FVC De Jouwer fuotbal Wiarda
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)