Danny Noppert ferliest yn heale finale Finder Darts Masters

06 des 2015 - 17:36
  • Danny Noppert
  • Danny Noppert

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat foar it earst yn syn karriêre de heale finale fan in televyzjetoernoai berikt. Yn Egmond oan See wûn Noppert mei 3-0 yn sets fan de Ingelsman Darryl Fitton. De Jouster spile in konstante wedstriid en koe yn in spannende lêste set mei 3-2 de winst pakke.

Noppert spilet sneintemiddei yn de heale finale fan de Finder Darts Masters tsjin trijedûbel wrâldkampioen Martin Adams.

De winner fan dy wedstriid komt letter op de dei út yn de finale. It toernoai yn Egmond oan See is it grutste televyzjetoernoai fan Nederlân. De wedstriden wurde útstjoerd troch RTV Noord-Holland.

UPDATE 17:36 oere Danny Noppert ferlear de wedstriid fan Martin Adams mei 3-1 yn sets. Hy giet dus net troch nei de finale.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)