Koartling yn Bûtenpost nominearre foar Appeltsje fan Oranje

06 des 2015 - 14:57

It Koartling yn Bûtenpost is nominearre foar in Appeltsje fan Oranje. Mei noch njoggen oare doarps- en buerthuzen út de oare noardlike provinsjes is it sosjaal-kultureel sintrum It Koartling de iennige Fryske moetingsromte dy't nominearre is troch it Oranje Fûns. It giet om romtes dy't hielendal troch frijwilligers draaiende holden wurde.

In wike lang kin stimd wurde op de buerthuzen, fan moandei 7 desimber ôf, op de website fan it Oranje Fûns. Yn maaie 2016 rikt keninginne Máxima de Appeltsjes fan Oranje út.

De Appeltsjes fan Oranje binne in jierlikse priis fan it Oranje Fûns foar inisjativen dy't groepen minsken mei-inoar ferbine en dy't ynspiraasje foarmje foar oaren. De priis is in jildbedrach fan 15.000 euro plus in brûnzen byldsje dat makke is troch Prinses Beatrix.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)