Cambuur mei 3-0 ûnderút by Willem II

06 des 2015 - 14:20

SC Cambuur rûn snein tsjin it achtste ferlies fan it seizoen oan. Yn Tilburg ferlear de ploech fan trainer Henk de Jong mei 3-0 fan Willem II. Guus Joppen sette de 1-0 al nei 12 minuten op it boerd. Cambuur slagge der net yn wat werom te dwaan.

Nei rêst krige Sjoerd Overgoor de bêste kâns op de Ljouwerter lykmakker, mar fersomme te skoaren. Keeper Harm Zeinstra hold syn ploech mei goede rêdings lang yn de wedstriid, mar koe net foarkomme dat Erik Falkenburg yn de 80e minút de 2-0 makke. Yn de 89e minút tekene Stijn Wuytens foar de einstân.

Troch it ferlies bliuwt Cambuur stean op 7 punten út 15 wedstriden en stiet dêrmei noch altyd op it ien nei lêste plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)