Joop Alberda hâldt op as technysk direkteur NL swimbûn

06 des 2015 - 12:01

Joop Alberda hâldt op as technysk direkteur fan it Nederlânsk swimbûn. Dat docht er takom jier nei de Olympyske Spelen fan Rio de Janeiro. Alberda sei dat snein tsjin de NOS op it Europeesk kampioenskip koartebaanswimmen yn Netanya, Israel.

De Fryske sportbestjoerder Joop Alberda is 64 jier. Hy wol plak meitsje foar in nije generaasje, mei nije ideeën en nije enerzjy. Twa jier ferlyn folge er by it swimbûn Jacco Verhaeren op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)