Arrestaasjeteam pakt Ljouwerter mei wapen op strjitte op

06 des 2015 - 10:59

In 35-jierrige Ljouwerter is sneontejûn yn Ljouwert troch in arrestaasjeteam op strjitte oanhâlden. De man hie in fjoerwapen by him. De plysje hie ynformaasje krige dat de man mooglik oer fjoerwapens beskikte. Dêrop waard in neier ûndersyk ynsteld en it arrestaasjeteam ynset.

By de man thús fûn de plysje ek noch munysje en in ploertedeader. Dat is in fleksibele stôk mei in izeren punt derop. De man sit no, nei syn arrestaasje, fêst op it plysjeburo foar ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)