Bewenner sjocht ynbrekker op plat dak en alarmearret plysje

06 des 2015 - 10:38

Yn Bûtenpost hat de plysje in man oanhâlden dy't fertocht wurdt fan ynbraak. De man waard sjoen op it plat dak fan in wente oan it Molenerf. De bewenner hie him yn de gaten en belle de plysje.

Op de Bernhardleane koe de man oanhâlden wurde. Syn jas lei noch yn de tún fan it hûs oan it Molenerf. De plysje hat de fertochte meinaam nei it buro, it giet om in 26-jierrige ynwenner fan Bûtenpost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)