Sportklup Hearrenfean kânsleas tsjin Ajax

05 des 2015 - 23:34
  • Viktor Fischer fan Ajax set Hearrenfean op in achterstân fan 1-0.

Sportklup Hearrenfean hat kânsleas ferlern fan Ajax. Yn de Amsterdam Arena ferlear Hearrenfean mei 5-2. Nei 28 minuten stie Ajax al mei 3-0 foar. Doelpuntmakkers wiene Viktor Fischer, Arek Milik en Amin Younes. Koart nei rêst makke Mitchell Te Vrede troch in fout fan Veltman 3-1. Fia Fischer en Davy Klaassen waard it 5-1. Dêrtuskenyn miste Milik noch in penalty.

Tsien minuten foar tiid makke Te Vrede syn twadde goal troch knoffelich spul fan Veltman en keeper Jasper Cillessen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)