Jorrit Bergsma wint op 5 km wrâldbekerwedstriden Inzell

05 des 2015 - 16:56
  • Jorrit Bergsma (argyffoto)

Jorrit Bergsma is de winner fan de 5000 meter yn Inzel dêr't de tredde wrâldbekerwedstriden binne. De 29-jierige reedrider fan Aldeboarn wûn yn in tiid fan 6.17,35. Sverre Lunde Pedersen út Noarwegen einige op it twadde plak yn in tiid fan 6.19,52.

Arjan Stroetinga fan Waskemar makke it poadium kompleet mei in tiid fan 6.21,66. Douwe de Vries fan It Hearrenfean kaam krekt tekoart foar in plak op it poadium en einige op it fierde plak. Sven Kramer die net mei yn Inzell. Hy is dwaande mei in koarte trainingsstaazje yn Collalbo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)