Railing op fiadukt fuort helle: neat mear om oan te hingjen

05 des 2015 - 16:40
  • Sintrale As

De railing op in fiadukt oan de Doniawei by Damwâld is fuort helle. Dat meldt RTV Noord-Oost Friesland. De railing soarge foar gefaarlike situaasje, omdat de jeugd deroan hong boppe de 100 km-dyk Sintrale As. It CDA stelde de kwestje oan de oarder nei in wurkbesite. Deputearre Sietske Poepjes kaam dêrnei yn aksje. Se frege de plysje faker del te kommen om de boel yn 'e gaten te hâlden.

De railings wiene der ynearsten op set om foar te kommen dat de jeugd it plak as skatebaan brûke soe. Nei klachten binne se der no weihelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)