Gjin poadiumplak foar Gerben Jorritsma op 1.000 meter

05 des 2015 - 15:19
  • Gerben Jorritsma

Reedrider Gerben Jorritsma út Diever is der net yn slagge it poadium te heljen op de 1.000 meter by de wrâldbekerwedstriid yn it Dútske Inzell. Hy waard tsiende yn in tiid fan 1.09.26. Kjeld Nuis wûn de ôfstân yn in baanrekôr fan 1.08.31. De Rus Yuskov waard twads en Kai Verbij einige as tredde. Jorritsma wûn de earste 1.000 meter fan it seizoen noch. Hy stiet no op it twadde plak yn wrâldbekerklassemint, achter Nuis.

De froulju rieden ek in baanrekôr: de Amerikaanse Bowe mei 1.14.01. Lângenoate Richardson-Bergsma waard twad en Lee tred.

Marrit Leenstra wie de bêste Nederlânse. De Wikelse waard fiifde yn in tiid fan 1.15.53. Margot Boer fan Goaïïngaryp waard fjirtjinde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)