Piet Fortuin út Drachten wurdt nije foarsitter CNV Vakmensen

05 des 2015 - 15:03

Piet Fortuin (56) fan Drachten wurdt de nije foarsitter fan CNV Vakmensen. Dy wurdt mei yngong fan 1 jannewaris grutter omdat de CNV Dienstenbond derby komt. Mei de fúzje sil de nije fakbûn sa'n 160-tûzen leden telle.

Fortuin is sûnt 2012 ek al vice-foarsitter fan CNV Vakmensen. Dy ôfdieling fan it CNV sil him ekslusyf talizze op bedriuwen yn de private sektor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)