Gjin Hjoed dit wykein fanwege grutte technyske steuring

05 des 2015 - 14:32

Fanwegen grutte technyske problemen hat Omrop Fryslân dit wykein gjin útstjoering fan it televyzjenijs Hjoed. Sûnt tongersdei is it fideomontaazjesysteem stikken. Der is in skiif kapotgien, en de back-up dêrfan ek. Yn Ingelân binne nije skiven besteld, mar no is it koeriersbedriuw dy skiven ek noch kwytrekke.

Der wurdt hurd wurke oan in oplossing. De reportaazjes binne wol te sjen op ynternet. Se stean by de berjochten op www.omropfryslan.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)