Leeuwarden is ek tropyske aloë-plantaazje op Bonêre

05 des 2015 - 13:16

Leeuwarden' stiet net allinnich op de kaart fan Fryslân, mar ek op dy fan Bonêre. It giet dêr net om in doarp, mar om in kûnûkû, in pleats mei geiten en boulân. De 'plantaazje Leeuwarden' hat in lange skiednis as ferbouplak fan de plant aloë. Omdat buorkjen op it droege Bonêre net folle opsmiet, binne in soad kûnûkûs ferlitten. Dat jildt ek foar de kûnûkû Leeuwarden.

Onno Falkena woe it tropyske Leeuwarden wolris mei eigen eagen sjen. Hy gie dêrom op 'en paad mei sjoernalist Boi Antoin, argivaris fan Bonêre. Snein yn Buro de Vries.

Snein yn Buro de Vries op Omrop Fryslân Radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)