Lawinepylken yn wenhûs Warten, bewenner (52) oppakt

05 des 2015 - 12:02

Yn Warten is in 52-jierrige bewenner oppakt op fertinking fan it besit fan yllegaal fjoerwurk en harddrugs. Yn de wenning fan de fertochte waarden lawinepylken, tsientallen nitraten en cobra's fûn. Dêrneist waard ek wyt poeier fûn, wierskynlik harddrugs.

De man kaam yn byld nei klachten oer it ôfstekken fan swier fjoerwurk yn it doarp. Alle guod is troch de plysje yn beslach naam. De fertochte is nei it plysjeburo brocht foar wiidweidiger ûndersyk.

Trefwurden: 
yllegaal fjoerwurk Warten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)