Swiere mishanneling troch sabeare stedswacht yn Drachten

05 des 2015 - 11:10

In 49-jierrige man út Drachten is freedtenacht yn syn wenplak swier mishannele troch in 24-jierrige Ljouwerter dy't him foardie as stedswacht. De Drachtster waard oansprutsen om't er oerlêst feroarsake hawwe soe. De 24-jierrige sei dat er stedswacht wie en dat er de Drachtster dêrom fûillearje moast. It slachtoffer wurke earst mei, mar fernaam al gau dat it spul net doogde. Hy woe net mear meiwurkje, wêrnei't fjochteraasje ûntstie.

De fertochte is sneontemoarn oanhâlden troch de plysje op fertinking fan swiere mishanneling.

De sabeare stedswacht hie gjin unifoarm oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)