Into The Great Wide Open mooglik festival fan it jier

05 des 2015 - 10:51
  • Into the Great Wide Open op Flylân

It muzyk- en teaterfestival Into The Great Wide Open dat alle jierren hâlden wurdt op Flylân, is nominearre foar bêste festival fan it jier 2015. Dat hat de Vereniging Nederlandse Poppodia en Festivals bekend makke. De organisaasje is der grutsk op dat se foardroegen binne.

Njonken it Flylanner festival binne it Bevrijdingsfestival yn Zwolle, Down The Rabbit Hole yn Beuningen en Eurosonic Noorderslag yn Grins ek foardroegen. De winner wurdt mids jannewaris bekend makke op it Noorderslagfestival yn Grins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)