Kollum: "Feilich"

05 des 2015 - 10:43

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oare bekend troch it politike praatprogramma It Wapen fan Fryslân op de radio en Gewest Fryslân op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok. 

"De sinne skynt. It is 12 graden. Yn de tún fladderet in flinterke. Sjogge jo net faak op Sinterklazedei. We hawwe dy âld man noch faak besong yn (hege wite) snie. Mar hjoed is it maaitiid. It hekkeljen is noch mar krekt dien en no komme de reidsjes al wer omheech yn de sleatten. En de rôffûgels sitte op ’e hikkepeal en roppe tsjin de oerfleanende bosken ljippen: Bliuw hjir mar, jim hoege net nei Afrika.

Tagelyk lizze de iisbanen wol klear, de pompen kinne fan 1 desimber ôf oan. Mar de iisbaanjonges rinne der allegear wat skytskoarjend omhinne en harkje ferslein nei de klimaatkonferinsje yn Paris, dy’t ús fertelt dat bûtenútriden de earste jierren wol oer is. Dochs siet Wiebe Wieling, de foarsitter fan de Alvestêdeferiening, fan 'e wike by de Feiligensregio. Dat is in grouwélich en dus frij ûnbekend orgaan. No ja, gewoan in optelsomke op it mêd fan feiligens sit byelkoar: plysje, brânwacht, GGD, jeugdsoarch, wetterskip, datsoarte folk. No prima. En goed dat dy lju Wiebe Wieling efkes op it matsje rôpen, want we hearden mar rare lûden.

Mar Wiebe Wieling lei út dat de Alvestêdeferiening, meast net ien fan de foaroprinners yn de tiid, no, de tiid foarút is. Alles is foarsjoen. Geweldich is dat elke reedrider fan de Alvestêdetocht in chip krijt. Dy moat er yn syn sok dwaan. De Alvestêdeferiening kin dan sjen wêr’t tefolle minsken byelkoar op it iis stean. Stel, der ferdwynt in chipke ynienen fan it grutte skerm yn it haadburo fan de feriening, dat wierskynlik op de fleanbasis fêstige wurdt, want it moat al ferdigene wurde kinne. Dan is der ien fersopen. De Feiligensregio krige al tearen yn de holle. Nee, nee, dan hawwe se der allang in alternative rûte yn smiten, seit Wieling. Der binne genôch plakken mei wetter oan de bûtenkanten en as de lju in dykje oer moatte, dat hinderet neat. Ik gok dat fan de 230 kilometer minstens fyftich op hout ôflein wurde sille. Want Wieling en syn folk hawwe de gedachte om alle leden oan de Alvestêdetocht meidwaan te litten. 

De Alvestêdeferiening hat 30.000 leden. Oant no ta hawwe sa’n 15.000 lju meidien oan de Alvestêdetocht. No, wie dat miskien yn 1997, de lêste, wol wat mear. Want der wienen doe noch al wat swartriders. Mar yn ien kear nei 30.000? No, sei Wieling, der is ek in groepe stokâlden, dus hy hie it oer 27.000. Rekkenje mar net, Wieling, dat dy 3000 harren sa ôfsâltsje litte. Dy skowe nei Wytgaard. Dêr komt in oar en dy nimt de kaart, it hesje en de chip oer. Nei Wytgaard wurde jo net mear trochljochte troch suppoosten. En huppekee.

Ik sjarsjeer, fansels. Miskien falt it allegearre wol ta. Mar se hâlde fan hege getalen dêre. Ferwachtsje dat der 2 miljoen lju op de wâl stean sille, want dit lân kin flechtlingen net keare, dus Alvestêdetochtfierders hielendal net. Bartlehiem in slachfjild. Ach nee, we sette de lju yn Burdaard del. No ja, se sykje it ek mar út, mar se sille kalasjnikovs brûke moatte.

Mar ik bin hiel bang dat se yn it begjin de hân al oerspylje. Snits is echt in probleem. In stêd friest altyd minder hurd oan, en it moat wol hurd tsjintwurdich, oars komt de Alvestêden nea wer. No ja, der binne no twa rûtes en in soad hout, mar 27.000 lju yn Snits. Dan komt it. Drylts kin ek noch yn twa rûtes. Mar dan Osingahuzen. Ien brechje. Wâldsein ek ien brêge. As de snie de Luts folspuitet, moat dy 27.000 ek werom oer Wâldsein. Der is gjin alternative rûte, útsein oer De Lemmer en dan de Iselmar. Stel, jo hawwe 20 sintimeter iis, want de normale fyftjin is foar dizze groep te min. Stel, it is hurd iis. Ien kear remje en dêr gean wer in pear milimeter. Meie dy 27.000 net remje? Dogge se wol. En dan? Ploemp.

Nimmen fan de Feiligensregio dielde myn eangst fan 'e wike. Wylst se wol soarchlik wiene oer in dikke reinbui op It Hearrenfean. Mar ja, it bestjoer fan de Feiligensregio, dat binne alle boargemasters fan Fryslân. Boargemasters wolle mar twa dingen. Besite fan de keningin en in Alvestêdetocht meimeitsje. No ja, dat kin dan op ien dei."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)