Shorttracker Sjinkie Knegt wint earste wrâldbekerwedstriid

05 des 2015 - 09:13

Shorttracker Sjinkie Knegt hat foar it earst yn syn karriêre in wrâldbekerwedstrd wûn. De 26-jierrige rider út Bantegea wûn yn it Japanse Nagoya de 1.500 meter. It wie in spannende striid, mar Knegt finishte krekt wat earder as nûmer twa Elistratov út Ruslân. De Súd-Koreaan Park waard tredde. Mei de winst, nimt Knegt de lieding oer yn it wrâldbekerklassemint.

Nei njoggen kear sulver, wie dat lang om let syn earste gouden medalje op in yndividuele ôfstân by in wrâldbeker. Wol hat Knegt fjouwer kear goud helle mei de Nederlânske relay-ploech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)