De Haan oerleit mei syn frou oer takomst by SC Hearrenfean

05 des 2015 - 07:50
  • Foppe de Haan

"As ik écht bliuwe wol, sil Geke it net ferbiede," seit Foppe de Haan sneon yn in ynterview mei de Ljouwerter Krante. Healwei desimber nimt De Haan in beslút oft hy langer oanbliuwt as trainer fan SC Hearrenfean. Dat hat er mei technysk direkteur Hans Vonk ôfpraat.

Foppe de Haan is sûnt ein oktober ynterim-trainer by Sportklup Hearrenfean, en hy soe earst mar fjouwer wedstriden bliuwe, sa hie er mei himsels en syn frou ôfpraat. Doe't de prestaasjes fan Hearrenfean omheech giene, is ôfpraat dat De Haan oant de winterstop trainer bliuwt.

Troch it súkses wurdt der no fan ferskate kanten én fanút de klup fan him frege om it seizoen ôf te meitsjen. De Haan tinkt der oer nei oft dat ferstannich is. Hy wol witte oft er it fysyk folhâldt en oft hy progresje yn de ploech sjocht. It beslút nimt er noch hyltyd "tegearre mei syn frou", sa seit De Haan yn de LC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)