Dronken Ljouwerter smyt rút yn en skopt plysjes yn Drachten

04 des 2015 - 22:43
  • Oanhâlding

Oan de Wyldsang yn Drachten soarge freedtemiddei in dronken Ljouwerter (43) foar opskuor. Under ynfloed fan drank smiet de man in rút yn. De plysje besocht de man oan te hâlden op de Lysterstrjitte, mar hy wurke net bot mei. Underweis nei it plysjeburo besocht de man ferskate kearen de begeliedende plysjes te skoppen.

Op it plysjeburo is de man opsletten foar it ûntnochterjen. De plysje sil oanslutend de man hearre en de saak ûndersykje. De offisier fan justysje mei letter bepale oft de man ferfolge wurdt en wêrfoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)