Ajax te sterk foar froulju SC Hearrenfean

04 des 2015 - 22:08

De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe freedtejûn mei 4-0 ferlern fan Ajax. Dêr like it yn de earste helte noch net op. Hearrenfean makke it Ajax lestich troch in goeie organisaasje. In domper wie de 0-1 krekt foar it skoft, troch in goal fan Bakker. Nei rêst makke Bakker yn de 57e minút opnij it ferskil, 0-2.

Yn de counter kamen de Feanster froulju der in pear kear gefaarlik út, mar skoard waard der net. Yn de slotfaze makke Ajax nochris twa goals troch Van Lunteren en Kaagman. Dêrmei waard de einstân bepaald.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)