Swan oerlibbet kuier op A6 en werstelt by de Fûgelhelling

04 des 2015 - 21:54

De ferwûne swan dy't op freedtemoarn foar kommoasje soarge op de A6 tusken De Lemmer en De Jouwer makket it goed. Tjitte Veldstra fan de plysje meldt dat op Twitter. De fûgel rûn in skoft fersuft op 'e middenberm fan 'e sneldyk. Twa rydbanen wienen dêrtroch in skoftke ôfsletten foar it ferkear.

De plysje koe it bist lang om let fange en ôfleverje oan de diere-ambulânse. De swan sil wer folslein better wurde by de Fûgelhelling yn Oerterp.

Trefwurden: 
swan ferwûne A6 Fûgelhelling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)