Sjauffeurs Klomp kieze foar nije aksjes

04 des 2015 - 21:30
  • Webside taksybedriuw Klomp

Der komme nije wike definityf aksjes by taksybedriuw Klomp. Dat hawwe de sjauffeurs en fakbûn FNV Bondgenoten freed besletten op in gearkomste yn Nieuwegein. Dêr wiene út it hiele lân sa'n 70 sjauffeurs op ôf kommen, wêrûnder ek in tal Fryske sjauffeurs. It personiel fan Klomp is hiel lilk nei in útspraak fan de rjochter.

Dy hat tajûn dat taksybedriuw Klomp him net oan de CAO hâldt, mar hat dêr ek begryp foar omdat Klomp der finansjeel net goed foarstiet. Wat de aksjes fan nije wike krekt ynhâlde sille is noch net bekend.

De sjauffeurs wolle yn earste ynstânsje de klanten ûntsjen. Folsleine stakings komme der dêrom sa't it no liket foarearst net. It fakbûn wol ek de Fryske soarchynstelling Alliade by de aksjes belûke. Dy soe Klomp ek op syn ferantwurdlikheid wize moatte. Taksybedriuw Klomp docht it hendikepteferfier fan de kliïnten fan Alliade.

Neffens bestjoerder Minke Jansma fan FNV Bondgenoten komme in protte sjauffeurs fan Klomp yn grutte finansjele problemen. "Ien fan de sjauffeurs wie op de gearkomste yn triennen, omdat de doarwarder op de stoepe stiet en de rekkens net mear betelle wurde kinne." Sûnt septimber betellet Klomp hielendal net mear foar de tiid dat de sjauffeurs mei in lege taksy ride, bygelyks om fan de iene klant nei de oare klant te riden, of fan hûs nei it earste adres, sa seit Jansma. Dat soe neffens de CAO yn elts gefal foar in part ál moatte, sa seit sy. It ynkommen soe dêrtroch mei wol 30 persint sakke wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)