Noppert wint earste wedstriid op Finder Darts Masters

04 des 2015 - 21:14

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat syn earste wedstriid op it Finder Darts Masters televyzjetoernoai yn Egmond oan See winnend ôfsletten. Op it grutte poadium fan Hotel Zuiderduin wûn Noppert met 5-2 yn legs fan Frans Harmsen. De Jouster kaam mei 2-0 foar, mar miste kânsen en seach Harmsen weromkommen. By in stân fan 2-2 sette Noppert oan en pakte hy mei 5-2 de oerwinning.

Sneontejûn spilet de Jouster yn de twadde pûlwedstriid tsjin regearend Lakeside-kampioen Scott Mitchell.

Yn it manljustoernoai pleatst de nûmer ien fan eltse pûl him foar de kwartfinale. De Finder Darts Masters is it grutste televyzjetoernoai fan Nederlân. It wurdt it hiele wykein útstjoerd troch RTV Noord-Holland.

Trefwurden: 
darten Danny Noppert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)