Wenskoalle GGZ-Fryslân yn Drachten foarsjocht yn ferlet

04 des 2015 - 16:40
  • Yn dit gebou sit de wenskoalle fan GGZ Fryslân
  • Renneke Smits is wiis mei har appartemint yn de wenskoalle

De problemen yn de soarch steapelje har op. Der is minder jild, mar likefolle kliïnten. Ek by de GGZ wurdt flink besunige. Tritich persint fan de opfangplakken ferdwynt. GGZ Fryslân tinkt in oplossing fûn te hawwen. By harren wenskoalle yn Drachten leare minksen om sa gau mooglik wer op harsels te wenjen.

50 kliïnten wenje yn in eigen appartemint en wurde troch de wenskoalle begelaat. Eartiids wennen minsken mei psychiatryske problemen foar in lang skoft yn in ynstelling. It doel is no dat se yn twa jier tiid wer op harsels wenje kinne.

Yn maart ferline jier is de wenskoalle begûn. It inisjatyf wurdt no al sjoen as foarbyld foar de rest fan Nederlân. De soargen oer de besunigings binne net oer, want net eltsenien is geskikt foar de wenskoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)