"Van Dam moat gau yn aksje foar greidefûgels"

04 des 2015 - 16:05
  • Steatssiktaris Van Dam moat gau yn aksje komme foar de greidefûgels, sizze PvdA en GrienLinks

Steatssiktaris Martijn van Dam moat mear faasje sette achter maatregels om greidefûgels te rêden. Dat fine GrienLinks en PvdA yn de Twadde Keamer. Earder dizze wike makke Van Dam bekend Europeesk jild yn te setten foar de skries en oare bedrige fûgels. GrienLinks en PvdA binne bang dat it noch oant takom simmer duorret foardat der maatregels naam wurde.

Se wolle dat Van Dam no alfêst boeren stipet dy't konkrekte plannen hawwe foar it beskermjen fan greidefûgels. It jild dêrfoar soe komme moatte út in potsje mei jild foar feehâlders yn need.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)