Doeksen hellet sneltsjinsten út de feart fanwege stoarm

04 des 2015 - 14:25

Fanwege it stoarmige waar dat ferwachte wurdt, hellet rederij Doeksen sneon de sneltsjinst út de feart. It giet om dy fan 17:25 oere fan Harns nei Flylân, fan 18:20 Skylge oer Flylân nei Harns en fan 18:55 fan Flylân nei Harns.

Der giet in ekstra fearboat om 17:00 oere fan Flylân nei Harns en om 19:00 oere fan Harns nei Flylân.
De feartsjinst op Skylge is krekt as oars.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)