Omrop TIP: Boargemasters yn krisistiid

05 des 2015 - 07:21

De grutte mannichte Syryske flechtlingen yn Grikelân en Italië liket foar de simmer noch fier fan Nederlân. Yn augustus en septimber groeit de stream flechtlingen mei de dei. We sjogge alle dagen bylden fan minsken dy’t nei in libbensgefaarlike boattocht Europa ynlûke en geandefoet fierder rinne. Famyljes, jonge manlju en âlderen. Allegearre op drift rekke troch it geweld fan IS.

Fryske needopfang

Yn Nederlân sitte de asylsikerssintra troch de enoarme oanrin fol; trochstreaming nei de reguliere wenningbou is der amper. Gemeenten wurdt dêrom frege flechtlingen op te fangen. Yn Fryslân is Harns ien fan de earste gemeenten dy’t krisisopfang regelje moat; Kollumerlân nimt de groep dêr letter oer. Yn Ljouwert komt yntusken in needopfang yn in hal by it WTC. De gemeente Smellingerlân bliuwt bûten byld foar krisisopfang. Yn dy gemeente is wol in opfang foar minderjierrige asylsikers en in needopfang by it besteande azc.

De boargemaster

Wat is de rol fan de boargemaster yn dizze perioade? De earste boarger fan de gemeente is it gesicht en oansprekpunt foar de ynwenners. Yn Fryslân DOK komme de belutsen boargemasters oan it wurd. Dat binne ûnder oaren Ferd Crone fan Ljouwert, Bearn Bilker fan Kollumerlân, Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân en Roel Sluiter fan Harns. In dokumintêre oer krisis, tsjinstân, waarmte, emoasje, gearwurking, driuwfearren en dilemma’s. 

De dokumintêre 'Boargemasters yn krisistiid' is sneon om 15:35 oere en snein om 12:25 oere te sjen op NPO 2. En snein op Omrop Fryslân Televyzje nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)