Reedrydsters stypje sike Thijsje Oenema mei spesjale earmbân

04 des 2015 - 12:08
  • It logo fan de earmbân foar Thijsje Oenema.

De reedrydsters fan Team Continu binne in inisjatyf begûn om harren slim sike ploechgenoat Thijsje Oenema fan De Jouwer te stypjen. Under de wedstriden sille se dit seizoen in pearse earmbân drage mei dêrop in spesjaal teken foar Oenema. By har is melanoomkanker konstatearre.

It teken op de earmbân komt fan de Vulcan Greet ''leef lang, vaar wel'', út Star Trek, dy't Oenema en har teamgenoaten faak brûke. Om der de 'Thijsje Greet' fan te meitsjen, stean de inisjalen fan Thijsje derby en in glimke.

Team Continu wol har sa groetsje en har alle goeds tawinskje. Oenema makke koartlyn sels bekend dat se kanker hat. It sportteam hat in spesjale postbus iepene, dêr't kinne minsken in kaartsje hinne stjoere kinne foar Thijsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)