Marrit Steenbergen swimt mei estafetteploech yn EK-finale

04 des 2015 - 11:54

De Nederlânske estafetteploech hat him by de EK koartebaan yn Netanya pleatst foar de finale fan de fjouwer kear 50 meter frije slach. Marrit Steenbergen fan Easterwâlde, Robin Neumann, Tamara van Vliet en Inge Dekker einigen yn harren searje as twadde yn 1.37,78. Dat wie úteinlik de tredde tiid.

De ploegen fan Ruslân en Italië wiene krekt wat rapper as Nederlân. De finale wurdt freedtemiddei swom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)