Kollum: "Bêste Sinteklaas"

04 des 2015 - 10:59

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, sjoernaliste en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn Fryslân, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer fan alles en noch wat: oer superfoods, Halbe Zijlstra, de Fryske taal of wat har ek mar ferwûnderet.

"Bêste, nee leave, Sinteklaas,
 
Jo binne in aardige fint yn in kekke tabbert. Jo ha altyd al in hipster west mei jo lange burd. 
En jo ride op in hynder. Dat is foar echte keardels, foar cowboys.

Jo ha it bêste foar mei bern, bêst genôch. En jo moatte lieding jaan oan in hiele trits, kontroversjele Piten. 
 
Dit allegearre sûnder frou oan jo side. Best wol knap. Efter elke sterke man stiet in noch sterkere frou, dat wit elkenien. Jo helje al dizze fraaie eigenskippen gewoan út josels. Wat in superman! 
Mar jo feinten (knechten)... Ik wit it net. Of helpers moat ik miskien sizze, knechten klinkt wat âlderwetsk. Bin wol wat nuvere struners sa no en dan, net? 

Ien fan dizze Swarte Piten hat myn sus as lyts famke ris oergryslik skrikke litten. 
Hy stuts syn sminkte holle troch it autorút en myn sus, ûnskuldich op de efterbank, skrok har wyld.
Doe wie de leafde foar de hiele sjo in bytsje oer by ús thús. Seach myn broer ek noch ris de skuon van master De Boer ûnder jo tabbert útstekken. Doe waard it allegearre wat komplisearre.

Dochs bleaune we by ús thús gedichtsjes foar elkoar skriuwen. En kadootsjes útsykjen. Mei soarch. Dêrom bewarje ik dochs in protte waarme herinneringen oan jo feestje. 

Leave Sint, ik ha alles al, dus ik tocht, slach my mar oer dit jier. Mar no betocht ik my fannacht dochs noch wat dinkjes. Hjir is myn ferlanglistje. 
Wat ik hiel graach wolle soe: 
Dat jo der foar soargje dat minsken tsjinoer je yn de trein net yn harren noas sitten te pûlkjen en it ôffeie oan harren broek. Of noch slimmer, oan de treinbank.
Sfearferljochting yn pashokjes! Dat wol ik ek graach! Dat hurde, asosjale skelle ljocht yn dizze hokjes, dêr wurde alle froulju deprimearre fan. Froulju moatte tinke, as se yn ûnderguod yn it pashokje stean: wat in ûngelooflik moai frommes bin ik! En dan glunderjend it hokje wêr útkomme. 

Kin jo er ek foar soargje dat minsken by de griente-ôfdieling net earst keihurd yn avokado's knipe en se dan weromlizze?
En Sint, kin jo er foar soargje dat ik de rest fan myn libben it lêste dropke ûnderyn myn tas fyn? En derneist in 50 eurosint muntsje, foar de winkelkarre?
Kin jo er foar soargje dat fytslampkes it altyd dogge? 

Oh en Sint, we wolle ek graach in Alvestêdetocht. It hoecht net direkt moarn. We wolle tsjok, swart iis, Koek en Sopie's, farske snert, Beerenburgjes by it klunen, Unox-mûtsen, de hiele rambam.

Kin jo der foar soargje dat ik net altyd de ferkearde wc kies yn in kafee of restaurant? Ik gean altyd krekt nei it húske dêr't ien ûnmeugend hat sitten te stjonken.
Kin jo der foar soargje dat minken yn Nederlân net sa synysk binne of wurde? Keapje trije sussen in hûs foar flechtlingen, krije se in berch kommentaar oer harren hinne, fan ha ik jo dêr. Wat is der bard mei minsken dy't fan in moai gebaar dóchs wat negatyfs meitsje wolle. Miskien kin jo wat oan dy minsken dwaan. Se ha help nedich.  

Fierder tink ik dat ik út namme fan  in hiele protte Friezen sprek as ik om mear Foppe de Haans freegje. Bêste Sinteklaas. Graach sa folle mooglik Foppe de Haans. Net allinnich yn it fuotbaljen, mar ek foar yn de skoalklassen, yn sikehuzen, en yn de Twadde Keamer. 
En o ja Sint? Doch ús ek mar wrâldfrede. 
Moat wol slagje tink? Bedáánkt Sinteklaas!"

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)