Ried fan tafersjoch soarchgroep Patyna ferdûbelet salaris

04 des 2015 - 10:55

De ried fan tafersjoch fan de nije Fryske thússoarchorganisaasje Patyna hat de leanen fan de sittende tafersjochhâlders ferdûbele. Patyna is koartlyn ûntstien fanwege besunigings út in fúzje tusken de soarchgroepen Tellens en Plantein.

Foarsitter Henk Wilbers syn beleaning giet omheech fan 11.000 nei goed 21.000 euro. De oare trije, Irene Barends, Avine Fokkens en Sjoukje Faber gean fan sa'n 7000 nei 14.500 euro. De ferheging fan it salaris is neffens foarsitter Wilbers neffens de noarm fan it ministearje. 

Hy snapt dat sa'n ferheging foar kommoasje soarget mar stelt al dat der in soad ferwachte wurdt fan de leden fan de ried fan tafersjoch. Seker no't der sprake is fan in folslein nije organisaasje.
Wilbers fynt ek dat alle tafersjochhâlders ferplichte binne by alle gearkomsten te wêzen. Dogge se dat net sûnder goede reden dan binne se net geskikt foar de funksje, sa stelt de nije foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan Patyna.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)