Kâns op aksjes by taksybedriuw Klomp nimt ta

04 des 2015 - 07:46
  • Webside taksybedriuw Klomp

Yn de taksywrâld driget in opstân. De kâns is grut dat de sjauffeurs fan taksybedriuw Klomp de boel platlizze. Tiisdei ferlear it fakbûn FNV in koart pleit tsjin Klomp. It bedriuw soe de CAO net útfiere en syn sjauffeurs net alle oeren útbetelje.

De rjochter fynt ek dat Klomp him net oan de CAO hâldt, mar seit dat it bedriuw finansjele problemen hat en dat der earst in ûndersyk komme moat yn in boaiemproseduere. De sjauffeurs hawwe dy tiid net, sizze se. Yn Fryslân ride 50 oant 80 taksysjauffeurs foar taksy Klomp.

Se ferfiere sûnt dit jier kliïnten fan soarchorganisaasje Alliade.

Direkteur Johan van Praet fan taksybedriuw Klomp wit neat fan in driigjende staking ûnder taksysjauffeurs yn Fryslân. Hy seit dat der fêst lilke sjauffeurs wêze sille, mar dat se har hâlde moatte oan de útspraak fan de rjochter. Alliade hat der by Klomp op oantrune alles op alles te setten om it taksyferfier fan de kliïnten fan de soarchorganisaasje oerein te hâlden. Dat seit wurdfierder Akkerman fan Alliade.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)