Atje Keulen-Deelstra noch hieltyd bysûnder yn Jirnsum

03 des 2015 - 22:37

Atje Keulen-Deelstra, ien fan de alderbêste reedrydsters dy't Nederlân hân hat, wurdt yn Jirnsum noch hieltyd eare. Tongersdeitejûn kamen in soad ynwenners nei sealesintrum De 2 Gemeenten om moaie ferhalen op te heljen oan de ferneamde reedrydster út it doarp.

Dat dienen se op fersyk fan it programma Andere Tijden Sport dat in dokumintêre makket oer Atje Keulen-Deelstra dy't yn 2013 ferstoar. Sa koenen se filmkes sjen dy't amateurs fan huldigingen makke hienen.

Yn de jierren '70 helle de Jirnsumer reedrydster de iene medalje nei de oare, sawol op Europeeske en  wrâldkampioenskippen en op Olympyske toernoaien. Dat wie opmerklik om't se relatyf âld wie en ek nochris mem fan trije bern.

De dokumintêre wurdt op snein 10 jannewaris útstjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)